Wykels Hallum hat primeur mei fuotbalfjildmeander

26 mrt 2021 - 17:15

By fuotbalferiening Wykels yn Hallum rydt sûnt dizze wike yn opdracht fan de gemeente in bysûndere skyldpod om: in robotmeander foar it fuotbalfjild. Sander Steegstra fan Ergon Robots yn Stiens: "Wy hawwe dizze robot woansdei levere, dus de robot hat tongersdei foar it earst oan it meanen west. Dit is net de earste robotmeander, mar wol de earste yn Nederlân dy't banen meane kin."

De meanrobot yn Hallum

De meander kin mei in app bestjoerd wurde. "De kwaliteit fan de gersmatte is better. It lyts bytsje gers dat der ôfhelle wurdt, tsjinnet wer as fiedsel foar de gersplant. Dêrtrocht wurdt it gers tichter en is der minder ûnkrûd."

"Ik haw der alle dagen efkes west, om't ik it sels ek wol spannend fyn," seit Steegstra. "It apparaat is net goedkeap, mar yn 80 persint fan de gefallen ferhiere wy de masinen. As je it ferlykje mei in diselmeander dêr't ek ien op ride moat, dan is it wol goedkeaper."

Sander Steegstra fan Ergon Robots yn Stiens

Popke de Haan fan S.V. Wykels is tefreden mei de oanwinst. It komt goed út, want der is yn Hallum ek krekt wer in nij fjild oanlein. "Ik hie nea tocht dat dit ris op ús fjild komme soe. Ik bin hjir al 25 jier frijwilliger, mar wy hawwe hjir de primeur. De meander kin alle dagen dei en nacht trochdraaie. Allinne sneon stiet er stil, as der fuotballe wurdt. No kin ik lekker op it stuoltsje sitte en sinnebaaie, je hoege net mear wat te dwaan."

Popke de Haan fan S.V. Wykels

(Advertinsje)
(Advertinsje)