Stichting Iepenwacht Fryslân bringt beammen werom yn Noardeast-Fryslân

26 mrt 2021 - 16:41

Gemeente Noardeast-Fryslân plantet 300 nije beammen, om't der yn de ôfrûne jierren in soad beammen ferdwûn binne troch âlderdom of sykten lykas de esketakstjerte en de ypsykte. De gemeente docht it tegearre mei Stichting Iepenwacht Fryslân, dy't it karakteristike lânskip werombringe wol.

It giet om 12 ferskate soarten beammen. Mei it projekt 'Bomen in het Waddenlandschap' wurde de kommende jierren 2.700 beammen plante yn de Waadregio, wêrfan't der 1.350 beammen yn Fryslân komme. Wethâlder Pytsje de Graaf en Theunis Piersma fan Stichting Iepenwacht Fryslân hawwe freedtemoarn de lêste beam yn Brantgum plante.

Foto: Gemeente Noardeast-Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)