Corona-útbraak op skoalle Boyl ûnder kontrôle: takom wike wer iepen

26 mrt 2021 - 16:30

Basisskoalle De Oosterbrink yn Boyl giet nije wike wer iepen. De skoalle wie dizze wike ticht fanwege in corona-útbraak. Neffens skoalkoepel Comprix gie it om in grut tal besmettingen, ek yn de gesinnen fan de skoalbern.

De Oostenbrink yn Boyl - Foto: Google Street View

De skoalle hat freed bepraat oft De Oosterbrink wer iepen kin. Besletten is dat moandei de earste groepen wer hinne kinne. Tiisdei meie de oare groepen ek wer.

Trefwurden: 
Boyl basisskoalle coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)