Waadferiening-gidsen sliepe tenei ûnder âlde spikerbroeken en op restôffal

26 mrt 2021 - 16:06

De Waadferiening biedt tenei in bysûndere stoarmtinte oan: in tinte dy't makke is fan acht fersliten spikerbroeken en in grûnseil dat makke is fan restôffal. Waadgidsen hawwe de tinte fan BlueCAMP de ôfrûne jierren al test. It is de earste tinte dy't makke is fan recyclede fezels.

Foto: Waddenvereniging / Merlijn Torensma

De Waadferiening set him yn om it Waadgebiet te beskermjen, mar stipet ek inisjativen dy't goed binne foar duorsumens. Troch de recyclede tinten te brûken, kinne je mear ferantwurde kampearje yn it gebiet. Njonken de gidsen meitsje ek festivals as Oerol en Into the Great Wide Open gebrûk fan de tinten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)