SC Cambuur riedt him ta op Roda JC: Kallon werom yn seleksje, Jacobs noch net

26 mrt 2021 - 15:49

SC Cambuur makket him op foar de útwedstriid tsjin Roda JC. De wedstriid wurdt sneintemiddei spile yn Kerkrade, mar Cambuur reizget sneontejûn om 18.00 oere al ôf nei Limboarch. De Ljouwerters litte neffens trainer Henk de Jong neat oan it tafal oer.

Trainer Henk de Jong

"Dit is foar de tarieding folle better", seit De Jong. "We traine sneontemiddei noch licht, dan de bus yn en om in oere of tsien binne we yn it hotel. Dan is de snein noch wol lang, mar it is folle better as op de wedstriiddei goed trije oeren yn de bus te sitten en dan noch te fuotbaljen."

Cambuur kin yn de wedstriid tsjin Roda JC noch net beskikke oer Jamie Jacobs. Hy is noch net fit genôch. Dat jildt ek foar Mitchel Paulissen. Dêr stiet foaroer dat Issa Kallon wol wer by de seleksje sit, mar hy kin noch net in hiele wedstriid spylje.

De Jong woe noch net safolle sizze oer de opstelling. "Ik wol it moarn noch efkes besjen en de jonges witte it dus ek noch net." De kâns is oanwêzich dat er mei deselde alve manlju begjint as yn de wedstriid tsjin Eindhoven. "It soe kinne", is it koarte kommentaar op dy stelling.

Calvin Mac-Intosch

It rint nei ein maart en dat betsjut dat ek by Cambuur sjoen wurde moat nei de kontrakten fan de spilers. Dêr moat foar 1 april dúdlikens oer jûn wurde.

Ien fan de spilers mei in ôfrinnend kontrakt is Calvin Mac-Intosch. Cambuur hat lykwols in opsje fan noch in jier op de sintrale ferdigener. Mac-Intosch is der dúdlik yn wat hy wol. "Cambuur is een mooie club. We gaan richting eredivisie. Het zou mooi zijn als ik hier zou kunnen blijven."

Keeperstrainer Peter van der Vlag rekke ferline wike blessearre

Keeperstrainer Peter van der Vlag rûn 18 maart in blessuere op oan de haksine. Hy is foar wiken útskeakele. Cambuur hat no yn Randy Sanches in ynterim keeperstrainer en nei nije wike komt Drachtster Etiënne Stomp as keeperstrainer nei de Ljouwerter klup.

Van der Vlag wie freed, op krukken, efkes yn it Cambuurstadion. Hy hat noch in lang refalidaasjetrajekt foar de boech. Hy hat der foar keazen om gjin operaasje te ûndergean, mar de foet yn it gips te setten. "Qua tijd was dat beide hetzelfde en dus heb ik er voor gekozen om de voet in het gips te zetten. Dit gips zit er twee weken om, dan zetten ze mijn been anders en komt er anders gips om, en daarna nog twee weken loopgips."

De wedstriid Roda JC - SC Cambuur wurdt sneintemiddei spile yn Kerkrade en begjint om 16.45 oere. It duel is rjochtstreeks te folgjen op 'e radio by Omrop Fryslân. It kommentaar komt fan Geert van Tuinen.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Roda JC
(Advertinsje)
(Advertinsje)