Wurkstraf en healjier sel ûnder betingst easke tsjin himptylder De Houtigehage

26 mrt 2021 - 15:42

It Iepenbier Ministearje hat in wurkstraf fan 180 oeren en in selstraf fan seis moannen ûnder betingst easke tsjin in 30-jierrige man fan De Houtigehage. De man hie yn himpkwekerij yn in loads yn Tynaarlo. Dy runde hy mei in man út Ten Post (Grinslân), tsjin wa't in jier selstraf easke is.

Foto: Shutterstock.com (New Africa)

Neffens de offisier fan justysje is mei de himpkwekerij goed acht ton oan jild binnenhelle. De kwekerij yn Tynaarlo kaam yn febrewaris 2019 yn byld nei in tip fan in skjinmakker.

De man fan De Houtigehage soe boattrailers ferhiere, mar de plysje fûn 440 himpplanten mei in ynfal. Wetter en stroom waarden yllegaal ôfnaam. Ek fûn de plysje acht jetskys, dy binne yn beslach naam.

De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)