Tal nije coronabesmettingen wer boppe trochsneed

It RIVM meldt freed 255 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der 46 minder as tongersdei, doe waarden 301 nije besmettingen meld. Dat wie foar it earst sûnt 14 maart dat it deisifer boppe de 300 kaam. De ôfrûne wike binne der gemiddeld alle dagen 239 nije besmettingen by kaam.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Súdwest-Fryslân (43) en De Fryske Marren (36).
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om in ynwenner fan De Fryske Marren. Der wie ek ien sikehûsopname, in ynwenner fan Súdwest-Fryslân.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne der 7.644 nije coronagefallen registrearre. It RIVM hat yn de ôfrûne wike gemiddeld alle dagen 7.068 besmettingen trochkrigen.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.