Ald-Cambuurspiler Ruud ter H. foar deaslach feroardiele ta 14 jier sel

26 mrt 2021 - 15:15

Ald-Cambuurspiler Ruud ter H. is troch it gerjochtshôf yn Ljouwert feroardiele ta 14 jier selstraf foar deaslach en it besykjen ta deaslach. Ek syn broer Frank is feroardiele, hy hat in jier sel krigen foar iepenlik geweld. It gie om in gewelddiedige konfrontaasje mei in mes nei in fjochtpartij yn augustus 2017 yn Reutum (Oerisel).

It kafee yn Reutum - Foto: RTV Oost

By it delikt binne twa oare bruorren mei in mes yn de rêch stutsen: ien fan harren is ferstoarn en de oare broer rekke ferwûne. Frank ter H. is frijsprutsen foar (it besykjen ta) deaslach, hy hat it mes net fêst hân. Hy is ek wer frijlitten, om't er al langer as in jier fêst siet.

Swier oanrekkene

It hôf hat âld-Cambuurspiler Ruud ter H. in hegere straf oplein as de earder easke 12 jier, om't it him swier oanrekkene wurdt dat hy nei de fjochtpartij yn in kafee ek nochris bûten de konfrontaasje opsocht. Dêr hat hy ek by stutsen. It hôf hat rekken holden mei it 'onnoemelijk en onherstelbaar leed dat de nabestaanden is aangedaan', sa lit it gerjochtshôf witte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)