LF2028-priis foar keunstprojekt Slow Collective Landscape

26 mrt 2021 - 15:00

It keunstprojekt Slow Collective Landscape hat de LF2028-priis wûn. Inisjatyfnimmers Henk Pilat en Monika Balu krigen 2.028 euro fan de provinsje. It giet om in oanmoedigingspriis, dy't mei by it Iepen Mienskipsfûns wei komt. Troch it fêstlizzen fan feroaringen yn it lânskip troch pinholekamera's wurdt in tiidsbyld fêstlein op fotopapier, dêr draait it keunstprojekt om.

Foto: Provinsje Fryslân

Slow Collective Landscape is in keunstprojekt by de Stinzerûte Bûtenpost-Kollum del. Yn it projekt wurde skoalbern, minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk, ynwenners fan de regio en toeristen yn it ferskaat fan it lânskip meinaam.

Yn juny eksposysje

De foto's wurde ein juny yn in eksposysje oan it grutte publyk toand. Doel fan it projekt is om bewustwêzen foar lifestyle, it lokale lânskip en duorsumens te kreëarjen.

De sjuery wie bliid mei it poëtyske projekt. De eko-freonlike wize fan fotografearjen en eksposearjen binne goed trochtocht en útwurke, jout de sjuery yn har rapport oan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)