Direkteur Thialf: "Beeldvorming kwalijk voor goede reputatie"

26 mrt 2021 - 15:16

Wat Thialf-direkteur Marc Winters oanbelanget, is mei it rapport fan de TU Delft de kwestje oer de blazers ôfsletten. Hy hat in dûbeld gefoel oerholden oan de ôfrûne wiken. "Ik ben blij dat onafhankelijk is vastgesteld dat we hier geen rare dingen doen. Maar de beeldvorming was kwalijk voor de goede reputatie van Thialf."

Direkteur Marc Winters fan Thialf

Neffens Winters wie de byldfoarming yn it neidiel fan atleten en fans dy't twivelen oan de rekôrs. "Dat blijkt achteraf onnodig en met die conclusie, en de overdenking van de aanbevelingen van TU Delft, sluiten we deze kwestie af", seit Winters.

It ûndersyk fan de TU Delft hat útwiisd dat de roasters soargje foar meiwyn. It ferskil tusken roasters oan it plafond en roasters efter de boarding wie neffens der ûndersikers net te mjitten.

Marc Winters fan Thialf - Foto: Orange Pictures

Neffens Winters komme de konklúzjes oerien mei de eardere útlis fan Thialf. "De luchtstroom uit de bewuste roosters achter de boarding varieert inderdaad per rooster, zoals door sommige critici al werd beweerd. Deze luchtstroom is puur ontworpen als verticaal luchtgordijn, wordt omhoog geblazen, en aan de zijkant boven de tribunes weer weggezogen."

"Die hoeveelheid is volgens het ontwerp ingesteld op 150-200 m3 per uur en komt bij de meeste roosters neer op 5 à 7 meter per seconde. Het onderzoek van TU Delft maakt duidelijk dat slechts een fractie daarvan op de baan terecht komt. Daarmee blijft overeind dat bijna de gehele luchtstroom uit de roosters wordt afgezogen boven de tribunes en dus een verwaarloosbaar verschil geeft boven de baan".

Thialf is de earste baan dy't op dizze wize ûndersocht wurdt. De TU Delft advisearret om oare iisbanen ek te ûndersykjen. Thialf is fan doel dy oanbefelling ûnder de oandacht te bringen fan de ynternasjonale reedryduny ISU.

Trefwurden: 
Thialf Marc Winters roasters
(Advertinsje)
(Advertinsje)