Waadfûns set yn op kulinêr toerisme, Koarnwertersân en fersiltingsûndersyk

26 mrt 2021 - 16:28

It ferbetterjen fan de toeristyske ynfrastruktuer yn Koarnwertersân, it reklame meitsjen foar de gastronomy en it iten út it Waadgebiet en in ûndersyk nei de gefolgen fan fersilting en klimaatferoaring op de lânbou yn it gebiet om de Lauwersmar hinne. Dizze trije projekten krije in flinke bydrage fan it Waadfûns. It giet mei om in bedrach fan goed 8 miljoen euro, sa is freedtemiddei bekend makke.

It Waadfûns lûkt de beurs

Yn Koarnwertersân giet it om it projekt 'Beleef Kornwerderzand'. Dat is ûnderdiel fan de ferbouwing fan de slûs. It doel is om dêr bettere foarsjenningen te meitsjen foar toeristen. It giet dan om oanlisstegers en útsjochpunten.

Fersilting

Yn it Lauwersmargebiet wurdt ûndersocht wat de ynfloed fan de fersilting is. Der wurdt sjoen oft it mooglik is dat der gewaaksen tyld wurde dy't oer sâlt wetter kinne. Ek wurdt sjoen nei it tûker omgean mei swiet wetter troch bygelyks te sjen nei de oanfier. Dit moat dúdlik meitsje wat de ekonomyske ynfloed is op it buorkjen yn gebieten dy't lest hawwe fan fersilting.

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

Kulinêr toerisme

It tredde projekt dat jild kriget is 'Waddengastronomie versterkt Werelderfgoedbeleving'. Stichting Waddengroep wol yn oparbeidzjen mei 300 ûndernimmers út it gebiet in foarm fan kulinêr toerisme opsette. It giet dan bygelyks om it foarmjaan fan in reseptebank dêr't eltsenien gebrûk fan meitsje kin. Mar ek 50 saneamde 'Waddenfoodroutes' by lokale hoarekasaken yn it gebiet del.

Dy rûten moatte soargje foar ferbining tusken de kustgebieten fan Fryslân, Noard-Hollân en Grinslân. It giet dan om bygelyks fytsrûten mar ek oer fartochten mei de brune float.

Deputearre Sietske Poepjes

Lammert de Hoop fan it projekt Waddengastronomie'

(Advertinsje)
(Advertinsje)