Freedsmerk oer ferkennerskrisis: "Dy foto is in Godsgeskink"

26 mrt 2021 - 14:00

"It is in Godsgeskink dat we troch dy bewuste foto fan de oantekeningen fan Ollongren krekt witte wat der spilet efter de doarren fan de polityk. Dat binne smoarge spultsjes en dêrom moatte nije ferkiezingen komme." Dat wie ien fan de útsprutsen mieningen op de Ljouwerter freedsmerk oer de aktuele situaasje yn Den Haag. Der wiene mear lilke reaksjes. "Matennaaierij is 't, en niks anders!"

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ferkenners Kajsa Ollongren en Annemarie Jorritsma hawwe de funksje weromjûn, neidat Ollongren by fersin geheime notysjes oan in fotograaf sjen litten hie. CDA-dissidint Omtzigt soe in 'functie elders' krije moatte. Op de freedsmerk waard de reaksje fan Mark Rutte, dat dy opmerking beslist net by him wei kaam, net echt leaud: "Judas sei oek dat hy it niet was. Wêr lulle we dan noch over?"

Nuânsen wiene der ek. "Dat it har oerkaam is, is sneu. Ik snap wol hoe't soks giet. Jo fiele je net lekker, jo krije in minne boadskip en wolle gau nei hûs. Ja, dit kin barre. Mar we witte no wol dat it dêr allegearre in frjemde boel is!"

Dat se dêrnjonken yn Den Haag net it goeie foarbyld jouwe, falt ek min. "Dat tast hun geloofwaardigheid enorm aan. Wij moeten ons allemaal aan de regels houden, maar zij zijn zelf zo laks als een aap." In oar fûn dat wy der no ek wer net te swier oan tille moatte. "It is in flater, mar wy moatte wol troch. Wy sitte yn in pandemy!"

En dan wie der ek noch in frou dy't nettsjinsteande alles har betrouwen yn de polityk en de politisy net opjaan wol. "Miskien is dat wol nayf, mar sa bliuwt it foar my gewoan it bêste..."

Op de Ljouwerter freedsmerk

Trefwurden: 
Den Haag freedsmerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)