De angel kin út mei 50 nije fiskstegers by it Hearrenfeanster Kanaal

Efkes in angeltsje útsmite; hieltyd mear minsken ûntdekke de fisksport, sa docht bliken út sifers fan Sportvisserij Fryslân. Harren ledetal is omheechgien fan 35.000 nei 41.000. En dy fiskers moatte goed plak hawwe. Bygelyks op It Hearrenfean, dêr't dizze wike wurke wurdt oan de oanlis fan tsientallen nije fiskstegers.
50 nije fiskstegers op It Hearrenfean
Gewoanwei moasten de fiskers op It Hearrenfean sawat klimme om by harren fiskplakje te kommen. Mei heech reid, stoartstien en toarnbeien wie it in hiele toer om it wetter te berikken. Somtiden wie it sels gefaarlik foar de minder mobile fiskers.

50 stegers

En dus ûntstie it plan om goeie stegers oan te lizzen by it kanaal: leafst 50 stiks. Sy lizze goed 15 meter útinoar en binne makke fan betonnen platen fan twa by twa meter. Ideaal, sa seit rekreatyf fisker Dave Martens. Hy sit freedtemoarn al betiid op syn stekje oan it Hearrenfeanster Kanaal.

Ofspraken mei roeiferiening

It Feanster wetter is populêr by de fiskers. Benammen fanwege de goeie fangst dy't dêr dien wurde kin. En no mei de nije stegers, wudt it allinnich noch mar oantrekliker. De lokale roeiferiening hie noed oer de mooglike drokte dy't dit opsmite koe. Mar nei in goed petear en ôfspraken oer ûnder oare it parkearjen, binne de stegers dizze wike delset.
Takom wike wurde de lêste stegers oanlein, krekt op tiid foar it moaie waar.