Rapport: Fentilaasjesysteem Thialf soarget foar wyn yn 'e rêch

It fentilaasjesysteem yn iisstadion Thialf besoarget de reedriders meiwyn. De meiwyn falt wol binnen de noarmen fan sportbûn NOC*NSF. Dat docht bliken út in rapport fan TNO en de Technyske Universiteit Delft. Beide partijen ha ôfrûne moanne wiidweidich ûndersyk dien nei de saneamde blowers dy't yn Thialf foar rekôrtiden soargje soene. De meiwyn kin op de 10 kilometers sekonden skele, seit ûndersiker Alexander Spoelstra fan de TU Delft.
Fentilaasje yn Thialf soarget foar meiwyn
It rapport is freed oanbean oan direkteur Marc Winters fan Thialf. It smyt in soad fragen op, seit de TU Delft. De universiteit advisearret mear ûndersyk te dwaan.
"In iedere overdekte wedstrijdhal is er een ventilatiesysteem, en wordt er een luchtstroom gecreëerd", skriuwt de TU. "Thialf is de eerste locatie waar deze luchtstroom is gemeten. Wanneer andere ijsbanen waar internationale wedstrijden worden gereden ook worden meegenomen, zet dat de uitkomsten in perspectief en zou dat een eerste stap kunnen zijn naar normering in de schaatsport."
© Orange Pictures
De meiwyn kin oprinne oant 0,5 kilometer yn de oere, seit Spoelstra. "Dat is een hele kleine waarde. Je kan het vergelijken met windkracht 0 als de gemeten wind buiten zou staan."
"Echter kunnen, zeker in topsport, kleine waardes veel impact hebben. Het is opmerkelijk dat er in elke meting een meewind is gemeten. Wij adviseren Thialf om meer onderzoek te doen naar het ventilatiesysteem en of het aanpassen van de richting van de vloerventilatie een verschil geeft in de luchtstroomrichting."

Meganyske luchtstroom

De omstannichheden yn Thialf binne al de hiele winter ûnderwerp fan petear. De iisflier is feroare, mar in feroaring yn it luchtsirkulaasjesysteem soe ek foar rappere tiden soargje. Rûnom de baan sitte sa'n 600 luchtroasters efter de boarding om in luchtgerdyn te meitsjen tusken de boarding en de tribune, sa't it publyk gjin ynfloed hat op de wedstriden.
Dy roasters binne yn novimber in kwartslach draaid. Dêrtroch wurdt de lucht út de roasters skean oer de baan blaasd, en dat soe derfoar soargje dat de reedriders hieltyd de wyn mei ha. "Als de luchtstroom gemanipuleerd is, kan ik nooit meer tijden met elkaar gelijken. Dan kan ik de prestaties niet meer in perspectief zien," skreau âld-rider Erben Wennemars yn desimber op syn Instagram.

Wrâldrekôr Van der Poel

Thialf sei yn desimber noch dat it grutte oantal rekôrs neat te krijen hat mei de luchtroasters. Nei ôfrin fan de kwalifikaasjetoernoaien waard doe suggerearre dat Thialf in meganyske luchtstroom op gong brocht hie wêrtroch't reedriders kontinu foar de wyn hiene.
Mar ek by de ynternasjonale toernoaien letter yn it seizoen twivelen meardere riders oer de earlikheid fan de situaasje. It meast opfallend wie de prestaasje fan de Sweed Nils van der Poel by de WK ôfstannen op de 10 kilometer. Hy pakte goud mei in sensasjoneel wrâldrekôr. Nei alle krityk joech de direksje fan Thialf doe de opdracht oan de TU Delft om ûndersyk te dwaan nei de blowers.
Alexander Spoelstra fan TU Delft en Thialf-direkteur Marc Winters