Jûnsklokbrekker naait út foar plysje en ferliest telefoan: boete

26 mrt 2021 - 13:25

In 20-jierrige man út Ljouwert hat in boete krigen foar it brekken fan de jûnsklok, neidat er foar de plysje útnaaid wie. Plysjes seagen him om healwei ienen nachts fytsen yn de Peperstraat. Se koene him net byhâlde, mar hy ferlear syn telefoan.

Foto: ANP

Troch in berjocht dat letter op de nacht op de telefoan ferskynde, koene se de fytser achterhelje. Dat meldt de plysje. De man hat syn telefoan weromkrigen, mei in boete foar it brekken fan de jûnsklok.

Trefwurden: 
plysje coronafirus jûnsklok
(Advertinsje)
(Advertinsje)