GGD: Mear besmettingen by âlden fan skoalbern

26 mrt 2021 - 12:27

De coronasifers yn Fryslân binne ôfrûne wike stabilisearre. Mar se binne wol soarchlik heech, seit de GGD. Mear as 1.650 minsken hawwe it firus oprûn. Der waarden ek wer mear minsken test as de wike hjirfoar. Wol binne mear minsken yninte as ferline wike. Foar bern is der goed nijs: der is fan 4 april ôf in minder ferfelende wize fan testen besikber.

Foto: Omrop Fryslân

GGD Fryslân sjocht op dit stuit de besmettingen yn leeftiidgroep fan minsken tusken de 30 en 40 jier omheech gean. "Dat is ek wol logysk," seit Margreet de Graaf fan de GGD. "Earder seagen wy it tal besmettingen tanimmen by de basisskoallen, no binne de âlden fan de learlingen oan bar. Bern en jongelju hawwe der wat minder lêst fan, mar it komt dus ek by âlden en paken en beppen telâne. Aldergeloks is de âldste groep no yninte."

Nofliker teste foar bern

Nij is dat bern nei 4 april gebrûk meitsje kinne fan in nije wize fan testen. "Sûnt de skoallen wer iepen binne sjogge wy hieltyd mear bern yn de teststrjitten. Dêrom hat der lanlik in ûndersyk west om út te sykjen oft wy it ek wat komfortabeler meitsje kinne. Dat dogge wy tenei mei in stokje dat mar healwei de noas yn hoecht, dêrmei wurdt it foar de bern wat nofliker."

Dat der noch efkes wachte wurde moat oant 4 april hat dermei te krijen dat de meiwurkers fan de GGD noch efkes training hawwe moatte. Neffens De Graaf is de test like betrouber as de test foar folwoeksenen.

70-plussers oan bar

Mei it faksinearjen rint Fryslân foarop, lanlik sjoen. Dêr binne wol ferklearringen foar, leit De Graaf út. "Foar in part komt it omdat der op de eilannen al faksinearre is. En der wenje yn Fryslân ek gewoan wat mear 75-plussers. Dus it is wat nuver om te sizzen dat wy it better dogge."

Yn de ôfrûne pear dagen binne der wer sa'n 700 prikken set, seit De Graaf. "It faksinearjen mei AstraZeneca is wer hielendal oppakt. Op dit stuit binne de 70-plussers oan bar, no de minsken fan 74-73 jier. De minsken fan 74 jier earst, dan 73, dan 72. En op alfabet, dus Boonstra komt earder as Woudstra. De minsken dy't oan bar binne, krije in útnûging fan it RIVM."

Margreet de Graaf fan de GGD

(Advertinsje)
(Advertinsje)