Nije boaiemfynsten Warns: striidtoaniel by Sytzamastins hieltyd dúdliker

26 mrt 2021 - 12:35

Op de lêste dei fan it archeologysk ûndersyk by it plak fan de Sytzamastins yn Warns binne ferskate bysûndere fynsten dien: trije âlde heakbus-gewearen, munysje en servysguod. It giet om de lokaasje fan de heuvel dêr't ea de stins fan Jelmer Ottes Sytzama en Ats Bonningha op stie. Om't der in rûnwei by Warns komt, is der grûnûndersyk dien. Yn febrewaris waarden ek al restanten fûn, lykas in kanonskûgel.

Foto: RAAP Archeologie

Der binne trije heakbussen út de grûn wei helle, dat binne gewearen dy't benammen yn de 15e- en 16e iuw brûkt waarden. Bysûnder is dat der neffens de konservator fan it Militair Museum yn Soest mar 30 eksimplaren fan dit type yn Nederlân bekend binne.

Heakbussen

De heakbussen leine yn de grêft om de stinswier hinne. Neffens archeolooch Yvonne Boonstra fan gemeente Súdwest-Fryslân leit it it meast foar de hân dat de gewearen by de belegering fan de stins yn it wetter smiten binne om foar te kommen dat de tsjinstanners se yn hannen krigen. Der waard al earder dúdlik dat der fochten is op it plak, fanwege de fynst fan kanons- en musketkûgels.

Foto: RAAP Archeologie

Fieder is der dus ek servys fûn, wêrûnder twa tinnen kannen. Op ien fan de kannen stiet mooglik it wapen fan de stêd Snits en de inisjalen fan de kannejitter: nei alle gedachten Foppa Dirks, dy't ein 15e-, begin 16e iuw yn Snits wenne.

Sichtber foar publyk meitsje

Gemeente Súdwest-Fryslân wol de lokaasje fan it striidtoaniel tusken de famyljes Sytzama en Galema publyk tagonklik meitsje. De gemeente tinkt yn elts gefal oer in ynformaasjeboerd. Ek soene de boaiemfynsten earne tentoansteld wurde kinne, bygelyks yn it nije kultureel-histoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert.

Under de 'T' fan Sytzama is noch krekt de heuvel sichtber dêr't ea de stins stie op dizze kaart út 1718 - Foto: Friesland op de Kaart

It feteferhaal fan 1494

Archeologen nimme oan dat de striid tusken it Skieringer-pear Jelmer Ottes Sytzama en Ats Bonningha en de Fetkeaper Douwe Geales Galema gie. Galema liet nei 1492 ek in stins bouwe yn Warns, in te ferdigenjen stiennen hûs. Yn de midsiuwen wie der gjin sintraal gesach yn it Fryske gebiet, begoedige haadlingefamyljes fochten dêrom feten út. Sy hiene grûn yn besit en foech yn bestjoer en rjochtspraak.

De stins waard opjûn

Ut wraak foar in besketten telch yn de Galama-famylje belegere Douwe Galama de Sytzamastins yn 1494. In suster fan Ats Bonningha stie der allinne foar, om't Jelmer Sytzama by in omke op besite wie. Nei heftige in striid waard in akkoart sletten: ferskate finzenen waarden tsjin inoar útruile en yn ruil foar de op de weromreis finzen nommen Jelmer Sytzama moast Bonningha de stins opjaan.

Dêrnei hawwe de Fetkeapers de Sytzamastins oan de grûn ta ôfbrutsen. Dat wurdt befêstige troch it archeologysk ûndersyk: it pún jout oan wêr't it stiennen hûs krekt stien hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)