Hieltyd mear pasjinten mei corona yn sikehûs

26 mrt 2021 - 12:01

It tal pasjinten yn de Fryske sikehûzen dat besmet is mei it coronafirus rint fierder op. Yn totaal lizze der op it stuit 77 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen. Dat meldt it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland.

Foto: ANP

It is in groei fan goed tsien persint yn ferliking mei tiisdei, de foarige kear dat de sifers bekend waarden.

Fan de 77 coronapasjinten yn de sikehûzen lizze der 21 op de intensive care. Dat is ien minder as ôfrûne tiisdei. It tal coronapasjinten op de ferpleechôfdielingen rint wol op. It binne der 56, njoggen mear as tiisdei.

De noardlike sikehûzen skale de reguliere soarch ôf om kapasiteit beskikber te hâlden foar de spoedeaskjende en coronasoarch, makken se tongersdei bekend.

De lêste lanlike sikehûssifers binne fan tongersdeitemiddei. Der leine doe 2.192 yn hiel Nederlân yn it sikehûs, fan wa 619 op de intensive care.

Trefwurden: 
sikehûs coronafirus AZNN
(Advertinsje)
(Advertinsje)