Jachthaven It Amelân min te berikken troch wurksumens

26 mrt 2021 - 11:19

It wurk oan de jachthaven op It Amelân is begûn. Dêrtroch is de jachthaven yn de perioade fan april oant juny minder goed berikber. Dat meldt de gemeente. Yn de wike fan Himelfeart hoopt de gemeente in gedielte fan de haven beskikber te stellen.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Yn desimber fan 2020 gong de gemeenteried fan It Amelân akkoart mei it grutte ûnderhald en de ynrjochting fan de jachthaven. De haven wurdt útbaggere nei NAP -3 meter en útwreide mei in kademuorre fan 42 meter.

De driuwende steigers krije in nije yndieling. Dêr wurdt 125 meter fan ferpleatst en opnij brûkt. Der wurdt ek 475 meter oan nije steigers pleatst. De haven wurdt ynrjochte foar sa'n 70 passanten en 50 leden fan de wettersportferiening. Der komt ek mear romte foar de charterfeart.

Neist de haven krijt ek de iepenbiere romte in ûnderhâldsbeurt. De bestrjitting om de jachthaven hinne wurdt oanpakt en de leugenbank wurdt fernijd.

Trefwurden: 
Amelân jachthaven
(Advertinsje)
(Advertinsje)