Achtkarspelen wol rekreanten yn sânwinput Skûlenboarch ha

26 mrt 2021 - 11:18

No't de sânwinning dien is, wol de gemeenteried fan Achtkarspelen mear ynsette op rekreaasje yn it gebiet fan de eardere sânwinput Skûlenboarch. In moasje fan de PvdA, FNP en PVV om mei it regionale stimulearringsprogramma ANNO te stjoeren op rekreaasje waard tongersdei unanym troch de ried oannaam.

Argyffoto fan de sânbulten by Skûlenboarch - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Om Skûlenboarch hinne lizze al ferskate toeristyske en rekreative foarsjennings. In toeristeboat soe by it Prinses Margrietkanaal oanlizze kinne en foar it bouwen fan in hotel yn de gemeente soe neffens de partijen belangstelling wêze.

De fraksjes wolle sjen oft ek Tytsjerksteradiel belutsen wurde kin by de plannen. De sânwinput leit letterlik op de grins tusken de twa gemeenten. De buorskip Skûlenboarch oan de westkant fan de put falt offisjeel ûnder Eastermar en Jistrum yn Tytsjerksteradiel, mar it strantsje njonken de Bosweg-Westerein oan de eastkant fan de put falt op it grûngebiet fan Achtkarspelen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)