Tsiende edysje klassyk festival CityProms ferpleatst nei oktober

26 mrt 2021 - 10:53

De jubileumedysje fan it festival foar klassike muzyk CityProms is ferpleatst nei 8 oant en mei 10 oktober. It Ljouwerter evenemint stie eins foar juny op de planning, mar lykas ferline jier giet dit fanwegen it coronafirus net troch.

Foto: Ruben van Vliet

Direkteur Margot Hoitking hat bewust foar de hjerst keazen. Dan is de kâns op it opnij skrassen troch corona lytser en dan binne der ek minder eveneminten as yn de neisimmer. Der dogge gewoanwei sa'n 1.500 musisy mei oan it fergeze festival.

(Advertinsje)
(Advertinsje)