DDoS-oanfallen Comenius Ljouwert foarby: twa learlingen ferfeelden harren

26 mrt 2021 - 10:33

De DDoS-oanfallen op it ynternetsysteem fan middelbere skoalle CSG Comenius Mariënburg yn Ljouwert binne foarby, seit de direkteur fan de skoalle. Twa learlingen fierden de oanfallen út omdat sy harren ferfeelden.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De problemen mei it ynternet begûnen ferline wike. 1.500 learlingen en 150 dosinten waarden dêrtroch dupearre. By in DDoS-oanfal wurde der safolle oanfragen nei in ynternetserver dien dat dy de kapasiteit net mear oan kin. Dêrtroch funksjonearret in webside of ynternetserver net mear.

De skoalle hat oerlein mei de plysje, mar gjin oanjefte dien. Der is wol in ûndersyk opset om de oanfallers te finen. De fertochten meie foarearst net op skoalle komme. De kosten fan ynhier fan ict'ers wurde ferhelle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)