Alle bern fan Minnertsgea geane tenei nei deselde skoalle

26 mrt 2021 - 10:22

De basisskoallen fan Minnertsgea fusearje. OBS De Lytse Terp en CBS De Wizebeam geane as ien skoalle fierder. De nije skoalle biedt ek beuker- en bûtenskoalske opfang. As it kin, giet de nije fúzje los by de start fan it nije skoaljier.

Foto: ANP

Der wurdt al langer praat oer in fúzje fan de kristlike en iepenbiere basisskoalle yn Minnertsgea. Fanwege de krimp binne der hieltyd minder learlingen. Neffens de skoalle is 90 persint fan de âlders posityf oer de gearwurking.

De nije skoalle komt ûnder it bestjoer fan CBO Noardwest-Fryslân, dêr't De Wizebeam ûnder falt. De skoalle komt ek yn it gebou fan De Wizebeam. Dat sil noch wol ferboud wurde, seit bestjoerder Teo de Groot fan CBO Noardweast-Fryslân. "De eerste schetsen zien er veelbelovend uit: een school passend bij het onderwijs van nu, en klaar voor het onderwijs van morgen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)