It jongereinkeatsen hat in nij elan nedich: PC-selskip hâldt online foarum

26 mrt 2021 - 10:08

It PC-selskip hâldt freedtejûn in online diskusje oer de takomst fan de keatssport. De sintrale fraach is wat de jonge keatser nedich hat om de sport mei sukses en wille te boefenjen. It jongereinkeatsen moat in nij elan krije, fynt foarsitter Ids Hellinga fan de Stichting Permanente Commissie der Franeker Kaatspartij.

Foto: Orange Pictures

Om yn it keatsen mear inisjativen op te setten hat de kommisje yn 2019 it PC-selskip opset. Hellinga tinkt dat it keatsen him op guon punten opnij útfine moat. "Ik tink dat in soad sporten it dreech hawwe: der binne minder bern en der is mear konkurrinsje fan oare sporten. Eartiids koene wy allinne mar fuotbalje en keatse, mar dêr binne allegearre oare sporten njonken kaam. Dêr moatte je op ynspylje."

Junioarekompetysje

Dêr hat de Permaninte Kommisje al in grutte stap yn makke troch it opsetten fan in junioarekompetysje, sa fynt Hellinga. "Dat is in grut sukses. Wy binne der yn 2017 mei begûn en it giet om in drege leeftiidskategory: fan 17 oant 22 jier. Op dy leeftiid heakje in soad sporters ôf. Wy fûnen dat dêr in kompetysje by hearde dêr't sporters mei harren leeftiidsgenoaten keatse kinne op in wize dy't by dizze leeftiidsgroep past."

Posityf nei de simmer sjen

Keatsorganisaasjes moatte op syk nei de mooglikheden, jout Hellinga oan. Hielendal yn coronatiid. "Ik tink dat alle sporten fan it coronafirus te lijen hawwe, mar ik tink ek dat wy posityf nei de kommende simmer sjen kinne. Eltsenien sil wer mei nije enerzjy wer oan it sporten geane. Ferline jier hawwe wy ek sjoen dat wer frij fluch wer keatst wurde koe, dus je moatte no sjen dat je der klear foar binne."

Gewoanwei hie der in fysike gearkomste west foar de goed 50 leden fan it PC-selskip. Dat moat no efkes oars. Hellinga: "De diskusje en it wurk moatte trochgean, dus wy besykje it no online. Der is in panel fan fiif minsken om te praten." Ek jongelju sels komme oan it wurd, lykas Freulewinner Jorn Lars van Beem."

De livestream is freedtejûn live te folgjen op de webside fan PC Franeker.

Foarsitter Ids Hellinga fan de Stichting Permanente Commissie der Franeker Kaatspartij

(Advertinsje)
(Advertinsje)