Jarchinio Antonia makket earste ynterlângoal foar Curaçao

26 mrt 2021 - 10:04

Cambuurspiler Jarchinio Antonia hat syn earste doelpunt makke foar it nasjonale alvetal fan Curaçao. Yn de kwalifikaasjewedstriid foar it WK fuotbal makke de fleugelspiler de 4-0 tsjin Saint Vincent en de Grenadines.

Foto: Orange Pictures

Curaçao, fan bûnscoach Guus Hiddink, wûn úteinlik mei 5-0. Foar Antonia wie it syn 21e wedstriid yn it shirt fan Curaçao.

Cambuurtrainer Henk de Jong moat it dit wykein dus sûnder Antonia dwaan. De Ljouwerters spylje sneintemiddei de útwedstriid tsjin Roda JC.

Yn it Cambuur Sjoernaal fan sneon sjogge we foarút op Roda JC - SC Cambuur. We belje dan ek even mei Curaçao om te sjen hoe't it mei Antonia is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)