Aris nimt ôfskied fan blessearre Kanadees

26 mrt 2021 - 09:13

Basketbalklup Aris út Ljouwert nimt ôfskied fan Jean-Victor Mukama. De 27-jierrige Kanadees is blessearre oan 'e knibbel en kin dêrom dit seizoen net mear spylje.

Jean-Victor Mukama - Foto: Orange Pictures

De klup en Mukama ha oerlein en besluten dat de spiler yn syn heitelân refalidearje kin. Dat betsjut dat Aris fuortendaliks ôfskied fan Mukama nimt.

Aris stiet op it stuit fjirde yn de Eliteronde B. De Ljouwerters moatte by de earste twa einigje om de play-offs te heljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)