Minsken mei maskers lûke ien in buske yn; plysje tinkt oan ûntfiering

Twa misken mei maskers op ha yn Ljouwert in persoan in buske yn lutsen. Dat meldt de plysje. Meardere omstanners bellen de meldkeamer en seine dat der sprake wie fan in ûntfiering. It siet oars.
© ANP
Nei de melding binne meardere plysjeminsken sa gau mooglik nei de Groningerstraatweg gien, dêr't it ynsidint plakfûn hie. It buske is oanholden op de Canadezenlaan. Dêr die bliken dat it om in jierdeisstunt gie. Dat meldt de plysje.
Plysjes sizze dat it ek oars ôfrinne kind hie. De minsken dy't by de stunt belutsen wiene ha se útlein hoe slim oft de sitewaasje wie.