Kollum: "50 jier, echt wier"

"Ferline wike freed bin ik 50 jier wurden. Dat skynt nochal in dinkje te wêzen mar ik hie gelokkich net sa'n ûnnoazele pop yn 'e tún te stean, dêr wie ik wol bliid om. Dat hie ik al rom op 'e tiid oanjûn; gjin pop en beslist gjin stripper! Sa'n pop fyn ik gewoan net moai en in stripper fyn ik planút freeslik.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De toan fan Hilda Talsma
De measte stripteases binne in beskamsume fertoaning, benammen yn in rûnte fan freonen en famylje. In swikje profesjonele Chippendales op in poadium is wol om oan te sjen, ast sels anonym yn 'e seal sitst. Dat is wat oars as datst yn it middelpunt stiest, mei ien of oare prutser dy't in slachrjemmebus en syn eigen radio meinommen hat.
Hjoed-de-dei sil it trouwens wol sa'n blauwe tosk prater wêze mei de mobile telefoan; in bluetooth speaker, dus. Witte jim wol wêr't dy namme weikomt? Neffens Wikipedia waard de Deenske Fikinglieder, Harald I fan Denemarken ek wol Harald Blautosk neamd. En omdat hy ferbiningen lei tusken Skandinavië en it fêstelân fan Europa tochten se oan him doe't se in wurknamme foar it projekt sochten, dat troch Ericsson yn Sweden betocht is.
Uteinlik is it ek de defintive namme wurden en it logo is in gearstalling fan de H en B út it runeskrift. No sjoch, in Fikingstripper hie dan miskien wol wat west en dan it leafste in type as Ragnar of Uhtred. Mar ik bin der wis fan dat ik my ek ûngemaklik fiele soe by in fake Fiking yn in partytinte, dus wat dat oanbelanget wie de lockdown in útkomst.
Ik ha in hiele moaie, mar ek rêstige jierdei hân. Dochs hiene se der in spesjale dei fan makke mei in prachtich filmke oer myn libben én ik stie op it reklameboerd by Van der Valk. Ik wie eins ek net fan doel in grut feest te jaan mar ik hie wol graach mei de bern op fakânsje wollen nei Skandinavië om it Noarderljocht te sjen. Dat like my sa moai ta, mar dat hat dy ferrekte lockdown al bedoarn. Oars hie 'k miskien wol in echte Fiking mei blauwe tosken sjoen, wa wit.
Mar goed, ik ha Sarah al sjoen en it skynt dat sy noch in in soan mei Abraham krige doe't se 90 jier wie. Abraham is mar leafst 175 jier wurden en Sarah 127 jier, dus dan ha 'k noch efkes te gean. Ik ha der gjin muoite mei om 50 jier te wêzen mar wêr't ik al hieltyd mear muoite mei krij, binne myn eagen. Dy kinne eins net mear sûnder lêsbril en miskien dat dy ûnnoazele poppen dêrom wol sa grut binne.
Ik fûn it lêst ek nuver dat it iten gauris sa sâlt wie. Ynearsten tocht ik dat it oan de oergong lei en dat myn smaak feroare wie. Mar doe't ik op in dei de bril op hie ûnder it itensieden, wist ik genôch. It gong gewoan fierste mâl mei it sâlt omdat ik it net goed mear seach! Fannewike wie ik oan it itensieden en doe fûn ik it ynienen hiel bot nei kaniel rûken. Ik begriep der neat fan mar úteinlik kaam ik der achter dat ik yn stee fan de kerry it potsje mei kaniel krigen hie.
Ik hie de bril doe net op, mar elkenien fûn it iten wol hiel lekker. It smakke sels noch better as mei de kerry, dus dat wie in gelok by in ûngelok. Sokke spannende dingen barre der dus ast 50 bist! It libben sil nea wer sa saai wêze as dêrfoar, dus ik sjoch de takomst mei in soad fertrouwen, én de lêsbril op 'e noas, temjitte."