Wykjoersjoch: Opnij mear coronabesmettingen yn Fryslân

26 mrt 2021 - 11:28

It tal coronabesmettingen dat dizze wike yn ús provinsje meld is, gie yn ferliking mei in wike earder omheech. Dizze wike wiene it der 1.666, tsjinoer 1.611 ferline wike. De groei is wol minder sterk as de wike dêrfoar, doe't it der noch 1.180 wienen. It tal stjergefallen is mei 10 gelyk bleaun.

Foto: ANP

Yn trochsneed waarden de ôfrûne wike alle dagen 238 besmettingen meld. Dat sifer lei ferline wike op 230.

Measten yn Súdwest-Fryslân

De measte besmettingen binne dizze wike meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân: it giet om 309 besmettingen. In wike lyn wienen dat der 347. Nei Súdwest-Fryslân folgje Ljouwert mei 222 besmettingen. Dat wiene der in wike lyn noch 265.

Omrekkene nei it tal ynwenners sjitte Dantumadiel en De Fryske Marren derboppeút. Yn Dantumadiel waarden 381 besmettingen op 100.000 ynwenners fêststeld, yn De Fryske Marren 361. Ek Noardeast-Fryslân sit noch heech: 358 op 100.000 ynwenners.

Yn Súdwest-Fryslân wiene der per 100.000 ynwenners 343 besmettingen, yn Ljouwert 179.

Mei mear as 250 besmettingen per 100.000 ynwenners is der neffens it RIVM sprake fan 'extreem veel' nije besmettingen. Dan jildt it risikonivo 'zeer ernstig'. As it tal besmettingen yn de wike tusken de 100 en 250 per 100.000 ynwenners leit, is de situaasje 'ernstig'.

Boppe de 31.000

Mei de 1.666 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 31.402 Friezen it coronafirus fêststeld.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

It tal stjergefallen is neffens it RIVM gelyk bleaun: 10. De stjergefallen dy't dizze wike meld wurde, binne net perfoarst allegear fan de ôfrûne sân dagen. Somtiden wurde de sifers pas letter trochjûn.

It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei it coronafirus leit no op 441. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Wyklikse besmettingen en stjergefallen

Wike Besmettingen Stjergefallen
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)