Fan De Gordyk nei Den Haag: Op yntroduksje yn de Twadde Keamer

25 mrt 2021 - 22:08

Syn libben liket de ôfrûne wiken wol in rollercoaster. Romke de Jong fan D66 is as Twadde Keamerlid keazen en mei nei Den Haag. In hiele omslach foar him: fan it lytse De Gordyk nei de grutte politike haadstêd. Dizze wike is syn yntroduksje yn Den Haag. "It fielt in bytsje ûnwerklik."

Romke de Jong - Foto: Twitter, @romkedejong

De Jong is as nûmer 24 fan de list keazen foar de Keamer. Troch de grutte winst fan D66 is ien fan de sitten no foar him. Dizze wike is de yntroduksje en mei hy syn wurkkeamer ynrjochtsje en alfêst oefenje foar it debat. "Ik wol it gat tusken Den Haag en Fryslân ferlytsje", sa seit De Jong. "De problemen hjir binne hiel oars as dêr. Gemeenten dy't omrinne mei tekoarten, dêr wol ik oan wurkje. Gemeenten moatten holpen wurde om it budzjet op oarder te krijen. Mar ek bin ik sels ûndernimmer en dêrom wol ik ek dy gedachte fan dat sterke MKB sjen litte."

De partij fan De Jong, D66, krijt dizze dagen fuortendaliks in politike krisis foar de fuotten. Kajsa Ollongren moat as ferkenner ophâlde mei de formaasje, no't har notysjes fotografearre binne op it Binnenhôf. Mar De Jong seit dat hy net in soad fan de krisis meikrigen hat.

"Wat je no foaral sjogge is dat der ferskate formaasjes rinne. Je ha de hjoeddeistige fraksje, minsken dy't dwaande binne mei de formaasje en je ha in nije ljochting minsken. Fan dy lêste bin ik ien en ûnderling is der noch net sa folle kontakt. We sitte yn in grutte fleugel en dan krije je net folle mei." Wol seit hy fan de krisis te learen. "Ik bin gelokkich ien dy't digitaal wurket en de iPad kin gewoan út."

Ik bin gelokkich ien dy't digitaal wurket en de iPad kin gewoan út.

Romke de Jong, D66

As haaddoel stelt De Jong dat hy de kleau tusken plattelân en stêd tichtsje wol. "Ik bliuw yn Fryslân wenjen, want ik kin de romte net missen. Den Haag is moai, mar ik bin bliid as ik Almere of Lelystêd foarby bin. Dan bin ik bliid dat ik weromkom. Gelokkich is it reizgjen te dwaan, want op tongersdei en freed kinne we thúswurkje. Yn dy dagen wol ik ek in protte de provinsje yn, sjen wat der by de minsken spilet."

Der is ek al Frysk sprutsen yn de Keamer. "Ik kaam hiel tafallich Habtamu de Hoop tsjin en dan prate we efkes yn ús eigen taal fansels. Mar foarsitter Arib sei al dat se der neat fan ferstiet."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort praat mei Romke de Jong

(Advertinsje)
(Advertinsje)