Lifelines ûndersiket coronabesmettingen yn Noard-Nederlân

25 mrt 2021 - 21:50

Hoe kin it dat as ien besmet rekket mei it coronafirus, de leden fan deselde húshâlding lang net altyd ek besmet reitsje? Dy fraach stiet sintraal by in nij Lifelines-ûndersyk fan it Grinzer sikehûs UMCG. Se sjogge by 500 húshâldens yn Noard-Nederlân nei de antylichems yn it bloed.

Foto: Shutterstock.com (Horth Rasur)

Sa besjogge de ûndersikers ûnder oare oft de famyljeleden corona-antylichems ha. Want as dat sa is, dan ha se mooglik dochs it firus hân sûnder it yn de gaten hân te hawwen.

It Lifelines-ûndersyk rint al moannen, fertelt heechlearaar genetika Lude Franke fan it UMCG. "Al sinds het begin van de coronacrisis volgen we deelnemers intensief. We hebben ze inmiddels 19 keer een vragenlijst verstuurd en onder andere gevraagd of men klachten heeft gehad die zouden kunnen passen bij een corona-infectie. Die informatie geeft samen met de data uit het serologisch onderzoek nieuwe inzichten in de besmettingen in huishoudelijke kring."

Sa ha de ûndersikers al plakken op it DNA fûn dy't derfoar soargje kinne dat minsken earder slim siik wurde troch in corona-ynfeksje. "Misschien zijn er ook wel plekken in het DNA te vinden die ervoor zorgen dat mensen beschermd zijn tegen het krijgen van corona of symptomen."

Fan alle dielnimmers yn it corona-ûndersyk fan Lifelines sit yn 18 persint fan de húshâldens mei bern ien persoan dy't besmet west hat mei it firus.

(Advertinsje)
(Advertinsje)