Drachtster moat jier sel yn foar stekkerij mei whiskyflesse

25 mrt 2021 - 21:44

In man út Drachten hat tongersdei de maksimale straf fan in jier sel krigen foar in geweldsdelikt. De 32-jierrige man stuts begjin oktober 2019 in doedestiids 18-jierrige Hearrenfeansupporter út Surhústerfean mei in stikkene whiskyflesse yn it gesicht.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It ynsidint wie op it Van Knobelsdorffplein yn Drachten. Dêr stie it slachtoffer nachts nei in wedstriid fan SC Hearrenfean mei in pear maten op in taksy te wachtsjen. Se krigen spul mei in groepke oare manlju. Oer en wer foelen klappen, oant ien in flesse stikken sloech en dêrmei úthelle. It slachtoffer rekke slim ferwûne oan it gesicht.

Njonken dat de fertochte in jier de sel yn moat, moat er it slachtoffer mear as 5.000 euro skeafergoeding betelje.

Trefwurden: 
Drachten selstraf stekkerij
(Advertinsje)
(Advertinsje)