Fan proffuotballer ta rapper: Bob Schepers nimt klip 'Stilte yn de stêd' op

25 mrt 2021 - 20:35

It kontrast koe eins net grutter foar Bob Schepers. Koartlyn fuotballe de 28-jierrige Ljouwerter noch yn it shirt fan SC Cambuur yn in libbendich stadion foar 10.000 man, tsjintwurdich nimt hy as sjonger en rapper in klip op oer de stilte yn syn stêd. "We wilden dit doen om te laten zien dat de stad zich niet laat wegslaan", seit Schepers. Hy hat foar it projekt finansiering krigen fan de gemeente Ljouwert. "De cultuur moet doorgaan."

Bob Schepers (l) mei rapper Faske (r) - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"Kijk, dit is dus het idee", begjint Bob Schepers syn ferhaal oer de klip. Hy stiet mei Kai Rusticus fan De Prins-H yn de doariepening fan it kafee. Oan de oare kant fan de strjitte filmet in kameraman it tafriel. "Alle kroegeigenaren moeten een stukje zingen en dat komt dan in de clip. De hele clip gaat dan uiteindelijk over alle kroegeigenaren en hoe stil het is. Dat de deur al tijden dicht is."

It hiele idee hat al wat fuotten yn 'e ierde hân. "Een half jaar geleden hadden wij subsidie aangevraagd bij de gemeente Leeuwarden om een lied te maken over de stad", seit Schepers, wylst Rusticus in stikje playbackt foar de klip.

Net allegear nachtegealtsjes

"We wilden de stilte vangen, want die is toepasselijk in deze tijd", fertelt Schepers. "Je gaat dat proberen uit te denken en uit te werken en toen moesten we er mensen bij betrekken. We kwamen op het idee om alle kroegeigenaren te vragen, want die ervaren de lockdown hard genoeg. Zij playbacken een stuk voor de clip. We zetten het geluid wel uit, want nachtegaaltjes zijn het niet allemaal", laket er.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort en Bob Schepers by kafee Prins

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Neidat Rusticus syn stikje folbrocht hat, giet de tocht fan Schepers en syn kameraman nei in oar kafee yn de stêd. As se by it kafee oankomme, slút Fasil Kuipers oan. Hy stiet ek wol bekend as rapper Faske en docht mei oan it nûmer. "Ik hoefde er niet lang over na te denken om mee te doen. Het nummer kwam tot stand door Bob en zo kunnen we een beetje een ode brengen aan Leeuwarden. We wilden de gezelligheid van de stad vangen en dat hopen we te bereiken."

Der moat nochal wat barre foar de klip, want der binne ek noch opnames yn it stadion fan Cambuur. "Dat gaat voor mij heel vreemd worden, want ik ben natuurlijk anders gewend", seit Schepers. "Maar hopelijk komt dat wel goed."

It is de bedoeling dat de klip healwei april útkomt.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort en Bob Schepers by kafee Scooters

(Advertinsje)
(Advertinsje)