Oanhâlden betize man yn Kollum hie nepfjoerwapens yn 'e hûs

25 mrt 2021 - 20:00

De plysje hat meardere nepfjoerwapens fûn yn de wenning oan de Eskesstrjitte yn Kollum, dêr't tongersdeitemiddei in betize man oanhâlden waard. De 23-jierrige man wie allinnich yn 'e hûs. Der is net ien ferwûne rekke. De fertochte is nei it plysjeburo brocht foar ferhoar. Der wurdt ek helpferliening foar him ynskeakele.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

Neffens de plysje binne de nepfjoerwapens hast net fan echt te ûnderskieden. Minsken ha de man sjoen mei ien fan de nepwapens, sa meldt de plysje. Om't it wapen op in automatysk fjoerwapen like, ha se de plysje belle.

De betize man waard úteinlik nei in grutte sykaksje yn Kollum oanhâlden. Sûnt alve oere moarns wie der sprake fan in grutte klopjacht yn it doarp. Mei in helikopter en swierbewapene arrestaasjeteams socht de plysje nei de man. In grut part fan it doarp krige de melding om binnen te bliuwen. Ek skoallen moasten de bern binnen hâlde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)