Nederlânske plaknammen yn Noardeast-Fryslân út kombuorden krast

De Nederlânske plaknammen binne fan de kombuorden yn Muntsjesyl, Boerum en Warfstermûne krast. Mooglik is dit mei in fleks dien. De Fryske plaknammen binne net oantaaste.
Wannear't de aksje presys útfierd is, is noch net bekend. It pleatslik belang Muntsjesyl is 'not amused'. De plaknammebuorden binne de lêste wiken yn it nijs. De gemeente Noardeast-Fryslân wol de buorden nammentlik ferfange troch allinnich de Fryske plaknamme. It pleatslik belang is it dêr net mei iens.