Twa coronagefallen by VC Snits, wedstriid tsjin Regio Zwolle giet net troch

De wedstriid fan VC Snits sneon tsjin Regio Zwolle giet net troch. By stêf en spilers fan de Snitser follybalklup binne twa coronagefallen fêststeld. De wedstriid tsjin Zwolle soe de twadde wêze yn in searje fan 'best of three' om it tredde plak yn de kampioenspûl. De earste wedstriid is troch VC Snits wûn mei 3-2. It duel wurdt nei alle gedachten op in letter momint ynhelle.
© Omrop Fryslân, Lars de Leeuw
It is foar it earst dit seizoen dat der coronabesmettingen binne by VC Snits. Woansdei gie de wedstriid tsjin Apollo 8 net troch fanwegen ien of mear coronabesmettingen by Sliedrecht Sport, dêr't Apollo 8 ôfrûne snein tsjin spile. Twa wiken lyn koe VC Snits ek al in wedstriid net spylje fanwege in coronabesmetting by in tsjinstanner. Dy wedstriid is letter ynhelle.
Nije wike freed stiet der wer in bekerduel foar VC Snits op it programma, tsjin VCN út Capelle aan den IJssel.