Ferdigener Floranus nei dit seizoen fuort by Hearrenfean

Ferdigener Sherel Floranus (22) komt kommend seizoen net mear werom by SC Hearrenfean. De klup meldt dat beide partijen besletten ha om it ôfrinnende kontrakt net te ferlingen. Floranus kin dêrtroch transferfrij oerstappe nei in oare klup.
© Orange Pictures
"Hoewel het seizoen nog bezig is, zijn we Sherel alvast dankbaar voor zijn inzet", seit Michel Jansen út namme fan de wurkgroep technyske saken fan Hearrenfean. "Na drie seizoenen, waarin hij bij ons ook uitgroeide tot international van Jong Oranje, gaan we nu ieder onze eigen weg. We wensen Sherel veel succes met het vinden van een nieuwe club."
Hearrenfean hat noch net in ferfanger fûn foar technysk manager Gerry Hamstra, dy't begjin maart by de klup wei gong.
Sherel Floranus kaam dit seizoen oant no ta yn 24 earedifyzjewwedstriden yn aksje. Hy hearde ek by de foarseleksje fan Jong Oranje, yn de groepsfaze fan it EK, dat dizze wike yn Hongarije begûn is. De definitive seleksje helle hy net.