Lanlike hoarekatop yn Langwar: Minsken ha it mentaal swier

25 mrt 2021 - 17:26

Hoarekaûndernimmers ha in soad fearkrêft. Nettsjinsteande alle tsjinslaggen binne se noch altyd posityf. Dat is de byld dat hingjen bliuwt by Robér Willemsen. Hy is de foarsitter fan Koninklijke Horeca Nederland, en hy wie yn Langwar om dêr online te praten mei benammen ûndernimmers út de wiete hoareka.

Lanlike hoarekatop yn Langwar

"Velen hebben het moeilijk," seit Willemsen. "Niet eens alleen financieel. Maar vooral mentaal. Dat je 's ochtend denkt: ik blijf lekker liggen, laat maar. Het is alleen niet de oplossing want de volgende dag zijn de problemen dubbel zo groot." De foarsitter fan it hoarekabûn bliuwt striden. Hast alle dagen praat hy mei in minister of in oare hege amtner. "Ze houden heel erg vast aan het OMT, het Outbreak Management Team."

Willemsen fynt dat der rekken hâlden wurde moat mei de grutte berch skulden dy't de ûndernimmers meitsje. "Er is zo'n vijf miljard euro eigen vermogen opgegaan tijdens deze crisis. Er zijn schulden opgebouwd. De vraag is nu welk deel van deze rekening de Staat gaat nemen."

"Aan woorden hebben we niet veel"

Klaas Knot, de direkteur fan de Nederlandsche Bank, sei earder dizze wike dat de leanstipe net samar stopset wurde moat. Willemsen fynt dat sinjaal posityf, mar hy seit ek dat it net by wurden bliuwe moat: "Er lopen daar nu veel mensen rond met veel wensen. Aan woorden hebben we niet veel."

De foarsitter timpere hege ferwachtings oer in flugge weriepening fan de hoareka. Neffens Willemsen is it al simmer foardat alles wer rjochting gewoan giet. Nei de simmer soe it wer as fanâlds wêze kinne. "Maar dat hangt wel af van de vaccinatiegraad in Nederland."

(Advertinsje)
(Advertinsje)