FIDEO: It lân yn foar neisoarch, mei de finer fan it earste ljipaai

25 mrt 2021 - 17:08

Trije wike lyn stie er noch mei de pronk oan yn it Provinsjehûs: Simon Spriensma, finer fan it earste ljipaai. Mar de plicht ropt: de neisoarch set útein. En dus wurdt de wekker ier en betiid set, om trije kear yn de wike it lân yn te gean. Om de fûgels te beskermjen, sa goed en kwea as dat giet.

Neisoarch by Raard

Spriensma (39) fûn it earste ljipaai begjin maart yn in stik lân by Raard (Noardeast-Fryslân). Spriensma krige de sulveren ljip út hannen fan de kommissaris fan de kening, Arno Brok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)