Oername troch Sinezen treft Philips yn Drachten minimaal

25 mrt 2021 - 16:18

Troch de oername fan de húshâldlike tak fan Philips troch in Sineeske ynvestearder komme 200 meiwurkers fan Philips Drachten by in nij bedriuw te wurkjen. It ûnderdiel dat ûnder oare kofjesetapparaten en airfryers makke, is foar in bedrach fan 4,4 miljard euro ferkocht.

Foto: Google Street View

Yn Drachten wurkje 2.000 minsken en foar de measten feroaret der neat, want de ôfdieling dy't skearapparaten makket, bliuwt yn hannen fan Philips. Wol giet de ôfdieling ûndersyk en ûntwikkeling foar húshâldlike apparaten oer nei in nij bedriuw. By dy ôfdieling wurkje 200 minsken.

It nije bedriuw docht itselde wurk as no, mar krijt in oare namme. Earder waard op dizze wize ek de lampe-ôfdieling omfoarme ta it bedriuw Signify.

Steve Klink, wurdfierder Philips

(Advertinsje)
(Advertinsje)