HEA! It wurk giet troch op de soarchbuorkerij

25 mrt 2021 - 15:43

Op soarchbuorkerij en deibesteging De Zwagemer yn Sniksweach giet it wurk gewoan troch, ek yn corona-tiid. Foar de jonges en fammen dy't der komme is dwaande wêzen en struktuer yn de dei hiel wichtich. Mar de bisten moatte ek gewoan fersoarge wurde en it wurk om de pleats hinne moat dien wurde. Trochdat De Zwagemer lytsskalich is en der genôch romte is op it hiem kin alles ek op oardel meter.

HEA! soarchbuorkerij

(Advertinsje)
(Advertinsje)