Tal nije coronabesmettingen yn Fryslân boppe de 300

25 mrt 2021 - 15:21

It RIVM meldt tongersdei 301 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der 48 mear as woansdei, doe waarden 253 nije besmettingen meld. It is foar it earst sûnt 14 maart dat it deisifer boppe de 300 komt. De ôfrûne wike binne der gemiddeld alle dagen 238 nije besmettingen by kaam.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Súdwest-Fryslân (50) en Ljouwert (41).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der wienen twa nije sikehûsopnamen. It giet om ynwenners fan de gemeenten Dantumadiel en Opsterlân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne der 7.740 nije coronagevallen registrearre. It RIVM hat yn de ôfrûne wike 49.243 befêstige besmettingen notearre. Dat komt del op gemiddeld 7.035 deis, it heechste nivo sûnt 12 jannewaris.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)