Cambuur wol minsken út de gefangenis oan in baan helpe

25 mrt 2021 - 14:00

Sportklup Cambuur wol minsen út de finzenis helpe om oan in baan te kommen. Dat soe kinne by ien fan de sponsoaren, of de leden fan de businessclub. De klup hat dêr ôfspraken oer makke mei de finzenis fan Ljouwert.

Yn 2017 joech Cambuur alris in fuotbaltraining yn de finzenis - Foto: ANP

De organisaasje Cambuur Verbindt biedt minsken dy't yn de gefangenis sitte in training oan. Dy soe jûn wurde moatte binnen de muorren fan de finzenis.

Cambuur Inside

De klam leit op saken dy't belangryk binne foar in betelle baan. Dielnimmers kinne holpen wurde mei it meitsjen fan in CV, mar der wurdt ek wurke oan bygelyks gearwurking, disipline en kreativiteit. De trainingen wurde jûn ûnder de namme SC Cambuur Inside.

"Een belangrijke taak van de Dienst Justitiële Inrichtingen (DJI) is het opsluiten van mensen die een celstraf opgelegd hebben gekregen, maar zeker zo belangrijk is onze taak om te werken aan een succesvolle terugkeer in de maatschappij", seit finzenisdirekteur Gino Tibboel. "Sport is daarbij een heel geschikt middel. Sport verbindt, activeert en verbroedert mensen."

It is net foar it earst dat in betelle fuotbalklup gearwurket mei in finzenis. De DJI wurket al gear mei FC Emmen, Heracles Almelo, FC Twente, Vitesse, FC Utrecht en FC Dordrecht, mar ek mei meardere amateurklups.

Trefwurden: 
SC Cambuur PI Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)