Plysje hâldt betize man oan by grutte sykaksje yn Kollum

25 mrt 2021 - 17:01

De plysje hat yn in hûs oan de Eskesstrjitte yn Kollum in betize man oppakt. Der is gjinien ferwûne rekke. Njonken de fertochte wie der gjinien oanwêzich yn it hûs.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust yn Kollum

Neffens ferslachjouwer Auke Zeldenrust is de fertochte in jonge man, dy't by syn mem en styfheit yn Kollum wenne. Hy soe yn alle rêst mei de plysje meigien wêze.

In wurdfierder fan de plysje meldt dat de plysje grut ynsetten hat, omdat de nei de earste meldingen fanút gien waard dat er in wapen by him hie.

Foto: CAMJO Media

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust is yn Kollum en praat mei in plysjewurdfierder

Bern op de skoalle binne bot skrokken. De juf fertelde se dat se binnen bliuwe moasten. Ien fan de bern sei tsjin ferslachjouwer Auke Zeldenrust dat er it 'heel eng' fûn hie.

Plysjewurdfierder Anthony Hoogeveen begrypt dat wol. "Als je de politiehelikopter ziet, en agenten in kleding die je alleen van televisie kent, dan kan dat indrukwekkend zijn. Dat verwacht je hier niet. Het is goed om er thuis over te praten."

Plysje wol dúdlikheid

Hoogeveen seit dat de plysje noch hieltyd besiket om dúdlik te krijen wat der presys bard is. Sûnt alve oere moarns wie der sprake fan in grutte klopjacht yn it doarp. "De melding was zodanig dat we meteen meerdere politiemensen naar Kollum hebben gestuurd."

De man is oanholden op in oar plak as wêr't de meldingen wei kamen. "We konden niet inschatten wat de man ging doen. Daarom hebben we ook gezegd: kom hier niet naartoe. Dat mensen binnen zijn gebleven, vinden we prettig."

Plysje hâldt betize man oan

Earder op de dei waard dúdlik dat de plysje mei in helikopter en arrestaasjeteams op syk wie nei in betize man yn Kollum. Skoallen krigen it advys om bern binnen te hâlden of net komme te litten. In grut part fan it doarp hat de melding krigen om binnen te bliuwen.

Trefwurden: 
plysje Kollum
(Advertinsje)
(Advertinsje)