Swierbewapene plysjeminsken sykje nei 'betize man' yn Kollum

25 mrt 2021 - 13:31

Swierbewapene plysjeminsken ha tongersdei yn Kollum oerenlang op syk west nei in 'betize man'. Dy soe him ferskûle ha yn in wenning. In wurdfierder fan de plysje sei net te witten oft der ek oare minsken yn it hûs wiene.

Plysje yn Kollum

Der wie in plysjehelikopter yn it doarp, en der soene meardere arrestaasjeteams west ha. De plysje meldt dat der gjin minsken ferwûne rekke binne.

"We freegje minsken om ús feilich ús wurk dwaan te litten", seit in wurdfierder fan de plysje op de radio.

De earste melding kaam om 11 oere moarns. Doe is de plysje direkt nei Kollum gien. De plysje tinkt yntusken te witten wa't de persoan is.

Earder op de dei krigen skoallen yn Kollum it advys om bern binnen te hâlden of net komme te litten. In grut part fan it doarp hat de melding krigen om binnen te bliuwen. Yn it doarp geane geruchten dat der in bewapene man troch it doarp rûn.

Om 13:50 oere wie in wurdfierder fan de plysje op de radio

Trefwurden: 
plysje Kollum
(Advertinsje)
(Advertinsje)