ING: Sluting bankkantoaren hat gjin gefolgen foar Ljouwert

25 mrt 2021 - 12:42

ING slút it kommende jier mear as de helte fan alle bankkantoaren yn Nederlân. Dêrtroch ferlieze ek 440 meiwurkers harren baan. Wat it betsjut foar de kantoaren op It Hearrenfean en yn Drachten en Snits kin in wurdfierder noch net sizze. It gebou yn Ljouwert bliuwt yn alle gefallen iepen. Yn Fryslân wurkje 1.350 minsken by de ING.

It kantoar fan de ING yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

"Het kantoor in Leeuwarden is een zogeheten ING-huis", seit wurdfierder Karin van der Pol fan de ING. "Dat staat model voor hoe wij onze kantoren willen inrichten."

In soad oare kantoaren geane dus wol ticht. Dat giet benammen om kantoaren dêr't no net in soad klanten komme. Der komme by alle ING-kantoaren hieltyd minder minsken, omdat mear en mear minsken online banksaken dogge.

Wurk giet nei oare bedriuwen

ING ferpleatst in grut part fan it wurk nei saneamde ING-servicepunten. Dat binne baly's yn oare gebouwen, lykas biblioteken of boekwinkels. "Daar kunnen we onze klanten blijven helpen", seit Van der Pol.

Alle meiwurkers binne ynformearre oer de feroaring dy't it bedriuw ynset. "We gaan in gesprek met medewerkers om te kijken naar een passend alternatief, hetzij binnen ING, hetzij erbuiten."

Net samar banen ferpleatse

It is net sein dat alle meiwurkers dy't no yn kantoaren wurkje dy't tichtgeane in plak krije by dy servicebaly's. "Dat is aan de ondernemer van die locaties, zoals Bruna of Readshop. Het is vanuit ING lastig om aan te geven of iemand daar terecht kan."

Gjin ferrassing foar fakbûn CNV

Foar it fakbûn CNV komt de reorganisaasje net as in ferrassing. "De digitalisering zet zich voort en de corona versnelt dat alleen maar", seit Ike Wieringa fan CNV Vakmensen dy't de ûnderhannelings mei ING fierd hat. Wol hopet se dat der gjin twongen ûntslaggen falle. "We hebben bij de vorige reorganisatie gezien dat dit gelukt is. De 440 mensen die nu hun baan gaan verliezen, kunnen mogelijk weer de slag op de afdeling fraude en hypotheek waar behoefte is aan personeel."

Ike Wieringa fan CNV Vakmensen

Trefwurden: 
reorganisaasje ING bank
(Advertinsje)
(Advertinsje)