Aksjegroepen: Fergunning fleanfjild Lelystêd doocht net

25 mrt 2021 - 12:00

De natuerfergunning dy't oanfrege is om it fakânsjefleanfjild Lelystad Airport te iepenjen, doocht net en sit fol flatters. De oanfraach is sa min ûnderboud dat er direkt ôfwiisd wurde moatten hie. Dat sizze de tsjinstanners fan it fleanfjild.

Foto: ANP

De Samenwerkende Actiegroepen tegen Laagvliegen (SATL) en milieuorganisaasje Mobilisation for the Environment (MOB) fine dat demisjonêr minister Carola Schouten fan Natuer de fergunning direkt wegerje moat. As se dat net docht, stappe de aksjefierders nei de heechste rjochter fan it lân.

SATL en MOB sizze dat se by need jierrenlang prosedearje kinne om de iepening fan it fleanfjild te kearen. Dy soe yn 2022 wêze moatte.

Stikstofromte fan Schiphol

Lelystad Airport hat 'stikstofromte' nedich om iepen te kinne. Eigener SchipholGroup wol nostikstofromte fan Schiphol oerhevelje nei Lelystêd. Om dat mooglik te meitsjen is foar Schiphol en foar Lelystêd in fergunning oanfrege. Dy fergunningen binne no yn te sjen .

Neffens foarsitter Leon Adegeest fan SATL hat SchipholGroup de teoretyske maksimale lûdsbelesting fan de nasjonale lofthaven brûkt om de stikstofromte te bepalen. "Zo werkt het niet. Een boer bijvoorbeeld krijgt stikstofruimte op basis van het aantal dieren en de mest die wordt geproduceerd. Niet op basis van hoe hard de koeien loeien." It is neffens Adegeels net mooglik dat Schiphol stikstofromte oer hawwe soe.

Rekkenflaters

De aksjegroepen sizze dat de oanfrege fergunningen opnij fol steane mei rekkenflaters. SALT ûntduts earder grutte flaters yn beliedsstikken oer Lelystad Airport. Dat hat der meardere kearen ta laat dat prosedueres opnij dien wurde moasten. MOB focht yn 2019 by de Ried fan Steat mei sukses it stikstofbelied oan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)