Sikehûzen yn Noard-Nederlân skale soarch ôf om druk troch coronabesmettingen

25 mrt 2021 - 11:48

De sikehûzen yn Noard-Nederlân skale de reguliere soarch wer ôf om kapasiteit beskikber te hâlden foar de spoedeaskjende soarch en covid-soarch. De besmettingen mei it coronafirus rinne wer op en ek ûnder soarchpersoniel is der sykte. Dêrtroch bliuwt de druk op de soarch yn Noard-Nederlân heech, meldt it Regionaal Overleg Acute Zorgketen (ROAZ).

De haadyngong fan sikehûs Nij Smellinghe - Foto: Omrop Fryslân

Lanlik is it tal coronapasjinten op de intensive care de ôfrûne wike mei 10 prosint tanaam. It tal ic-bêden dat frijmakke wurdt foar coronapasjinten wurdt opskaald fan 1.350 nei 1.450. Ek yn Fryslân nimt it tal coronapasjinten yn de sikehûzen ta.

"Ondanks de afschaling van planbare zorg, die zonder risico op gezondheidsschade uitgesteld kan worden, blijft de druk in de ziekenhuizen in Noord-Nederland hoog", meldt it ROAZ. "Er wordt nog steeds alles aan gedaan om de kritieke, niet-uitstelbare zorg door te laten gaan; daar waar het knelt wordt onderling in de regio naar oplossingen gezocht."

Swart senario foarkomme troch 'spurt in vaccinatieprogramma'

It ROAZ Noard-Nederlân is se hast klear mei in plan dat se klearmeitsje moat foar in 'swart senario'. Dat senario giet yn as it druk op de soarch yn de tredde coronagolf sa heech wurdt dat de soarch sûnder oanpassingen net mear goed jûn wurde kin. "De hoop is uiteraard dat de piek van de derde golf lager en later zal optreden, zodat dit zwarte scenario vermeden kan worden. Hiervoor is het heel belangrijk dat we ons houden aan de voorzorgsmaatregelen en dat er een spurt in het vaccinatieprogramma plaatsvindt."

Ate van der Zee, bestjoersfoarsitter fan it ROAZ

Trefwurden: 
sikehûs coronafirus ROAZ
(Advertinsje)
(Advertinsje)