Coronakrisis soarget foar babyboom, benammen yn Fryslân

25 mrt 2021 - 11:04

Njoggen moannen nei it yngean fan de earste lockdownperioade wie der yn Fryslân yn desimber en jannewaris in taname fan it tal bertes. Yn fergeliking mei in jier earder binne der hast 8 persint mear poppen berne.

Foto: ANP

De taname fan it tal bertes is yn Fryslân it heechste fan alle provinsjes. Dat blykt út ûndersyk fan memmesite MiniMi.nl.

Yn totaal binne der yn twa moannen tiid 978 Fryske coronapoppen berne. Yn de measte Fryske gemeenten binne der mear poppen berne. Yn Harns en op Skylge is it tal poppen yn desimber en jannewaris sels ferdûbele yn fergeliking mei in jier earder.

Gjin poppen op Flylân en Skiermûntseach

Net yn alle gemeenten wie der in taname. Yn Tytsjerksteradiel wie de grutste delgong te sjen. Dêr waarden yn de beide ûndersochte moannen 34% minder poppen berne as in jier earder. Op Skiermûntseach en Flylân binne yn desimber en jannewaris hielendal gjin bern berne. In jier earder kaam der op beide eilannen ien poppe op de wrâld.

Behalve yn Fryslân wie der yn Seelân ek in 'babyboom' (+7,3%). Yn provinsjes dêr't mear minsken wenje, lyas Utrecht (-2,9%) en Súd-Hollân (-2,1%), wie sprake fan in delgong yn it tal bertes.

Trefwurden: 
poppe coronafirus babyboom
(Advertinsje)
(Advertinsje)