Learlingen Comenius lizze systemen eigen skoalle plat mei DDoS-oanfal

25 mrt 2021 - 14:37

Learlingen fan skoalmienskip CSG Comenius ha DDoS-oanfallen útfierd op har eigen skoalle. De problemen mei it ynternet en de systemen duorje al in goede wike. Fan twa learlingen is yntusken bekend dat se achter de oanfallen sitte, mar neffens de skoalle binne it noch mear. It giet om de lokaasje Mariënburg yn Ljouwert.

DDoS-oanfal Comenius

De skoalle kaam twa dieders op it spoar trochdat sy it oan oare learlingen ferteld hienen dat se derachter sieten. "Die leerlingen vonden dat een goed idee door aan de mentor te vertellen", seit waarnimmend rektor Freek Polter. "Ze deden het uit verveling. Een leuk spelletje. Dat is de kern van het verhaal."

It probleem is noch net ferholpen. "Het gebeurt nog steeds, dus er zijn nog steeds leerlingen die dit een leuk grapje vinden. Dat vind ik niet."

1650 minsken ûnderfine problemen

1500 learlingen en 150 personielsleden ha lest fan de oanfal. "Het benadelen van ongeveer 1650 personen is geen leuke grap", skriuwt Polter yn in mail oan de âlders en learlingen.

De skoalle tinkt nei oer swiere sanksjes. "We gaan kijken hoe we er precies mee omgaan." Polter tinkt deroer nei om se fan skoalle te stjoeren.

Goed oplette

Polter freget oan learlingen oft se it melde wolle as se mear witte. "Aan allen die slachtoffer is en dat is veruit de meerderheid, wil ik vragen om goed op te letten en door te geven als bekend is van iemand die het systeem saboteert."

De skoalle wol de plysje ynskeakelje en de skea ferhelje op de dieders. Troch de oanfal wurde guon online lessen fersteurd.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Rektor Freek Polter oer de DDoS-oanfallen

(Advertinsje)
(Advertinsje)